Freedsmerk oer fertrouwen yn de oerheid: "We wurde troch de oerheid beduvele!"

"We soene der allegear op foarút gean, mar dat pakt hiel oars út. We wurde gewoan beduvele." It wie ien fan de stevige reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it fertrouwen yn de oerheid.
© Omrop Fryslân, René Koster
Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk yn Ljouwert
Dat is der bepaald net better op wurden, de lêste wiken. De keapkrêftplaatsjes, de mjittings yn Grinslân, de pensjoenen en de efterhelle sifers yn de berekkening fan de enerzjyprizen; allegear saken dy't neamd waarden op de fraach wêrom't it fertouwen yn de oerheid ôfnimt.

Liege

"Ik ben der bot op efterút gien. Se liege, liege en liege. It ferrouwen is hielendal fuort". In oar neamde de maatskippij 'ferotte' en sei dêrom mar op de PVV te stimmen. In oar fertelde dat it eins fan alle tiden is.
"Eartiids kaam it yn de dôfpot, mar no mei al dy media komt der mear nei bûten." Mar der wiene ek positive lûden: "Waar mensen werken, worden fouten gemaakt, zo simpel is het." En: "Hoe raar dingen soms ook gaan, dit blijft natuurlijk gewoon een prima land om in te leven!"