Berging auto yn grêft Ljouwert net sa rap ferrûn as hope

22 feb 2019 - 13:41

In bergingsbedriuw mei dûker hat freedtemoarn de auto burgen dy't tongersdeitejûn yn it wetter bedarre wie yn it sintrum fan Ljouwert. De berging hat hast trije oeren duorre, omdat de dûker de auto yn earste ynstânsje net fine koe.

Berging auto yn grêft Ljouwert net sa rap ferrûn as hope

Uteinlik is de auto op de kant tild. Yn it wetter dreau in grutte lading oalje. Dy sil opromme wurde troch de gemeente. De berging luts in soad taskôgers.

De bestjoerder fan de auto soe de kontrôle oer it stjoer ferlern wêze by it nimmen fan de bocht. Dy persoan is sels út de auto kaam. Ambulânsepersoniel hat de bestjoerder ûndersocht en nei it sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)