Grutte skea by ynbraak fuotbalferiening Olyphia yn Noardwâlde

22 feb 2019 - 12:57

By in ynbraak by fuotbalferiening Olyphia yn Noardwâlde is yn de nacht fan tongersdei op freed in soad skea oanrjochte. De dieven ha it tagongsstek fuorthelle, de measte ferljochting stikkenslein, kabels loslutsen en in grutte foarried iten en drinken meinaam. Ek is der in jildbedrach út de kas stellen.

Fierder is de berging mei materialen fernield en is in oantal masines meinommen. Dy wiene nei in ynbraak fan twa jier lyn just op 'e nij oanskaft. De eksakte skea is noch net bekend.

De resjerzje docht fierder ûndersyk. Kamerabylden binne der wierskynlik net, want de dieders hienen it systeem útskeakele.

(advertinsje)