Joop Atsma iepenet REC Harns

29 jun 2012 - 16:37

Steatssiktaris fan miljeu Joop Atsma hie freedtemiddei de eare om ôffaloven REC by Harns te iepenjen. Yn maart oardielde de Rie fan Steat dat de miljeufergunning foar de ôffaloven yn oarder wie. In wichtich momint foar Omrin, want sûnder goede miljeufergunning soe it fabryk net draaie meie.

De earste peal foar de ôffaloven gie yn maart 2009 de grûn yn. It ferset ûnder de befolking wie doe grut. Yn 2010 ferneatige de Rie fan Steat de miljeufergunning. Under ynfloed fan de REC ûntstie ek de partij Frisse Wind yn Harns.

Sy wûnen by de gemeenteriedsferkiezings trije sitten. Wylst de Rie fan Steat noch útspraak dwaan moast oer de miljeufergunning, is de ôffaloven yn 2011 klear. Ein maart 2001 wurdt der foar it earst ôffal ferbaarnd. De opstartfase gie net al te soepel. In kraanmasinist waard net goed fan in swavelwolk en de ôffaloven hoe mear steuringsoeren as mei. Omrin krige dêrom in tik op 'e fingers fan 'e provinsje. Yn maart dit jier kaam it ferlossende wurd foar Omrin: de miljeufergunning is goedkard troch de Rie fan Steat.

It ferset tsjin de ôffaloven giet gewoan troch. Tsjinstanners binne noch hieltiid benaud foar de stoffen dy't út 'e piip fan de ôffaloven komme. Se hawwe dizze wike noch in fersyk foar hanthavening yntsjinne by de provinsje. Der soene tefolle giftige stoffen út de piip komme. De provinsje ûndersiket de saak. Sneon is it publyk wolkom yn de ôffaloven yn ferbân mei in iepen dei. Atsma wie freed by de iepening tige posityf oer de Harnzer ôffaloven. Neffens him is de oven ien fan de skjinste fan Europa.

(advertinsje)