Undersyk nei Noardseesykte kin úteinsette

22 feb 2019 - 11:53

It UMCG yn Grins sil ûndersyk dwaan nei de seldsume Noardseesykte, dy't foaral yn de noardlike provinsjes foarkomt. It ûndersyk is mooglik om't de Stichting Noardseesykte dêrfoar genôch jild ynsammele hat foar de earste faze fan it ûndersyk.

Jenke Gorter - Foto: Stichting Noordzeeziekte, Aernout Steegstra

Undersykster Jenke Gorter sil yn twa jier tiid mear as 1400 stoffen teste op fruitmichjes. Om't harren genetysk materiaal liket op dat fan minsken mei de Noardseesykte. Doel is om te sjen hoe't de sykte ferrint en wat der tsjin dien wurde kin.

Agressive sykte

De Noardseesykte is in hiel agressive sykte. Pasjinten krije lêst fan harren lykwicht, yn kombinaasje mei earnstige spierskokken en epilepsy-oanfallen. Dat komt troch in erflike mutaasje yn de genen fan in mins. Oer de hiele wrâld binne 25 gefallen bekend. En de berteplakken fan de foarâlden fan dy minsken befine harren allegearre rûnom de Noardsee en de measten komme út Fryslân.

Yn dit lab wurdt ûndersyk dien nei bloedsellen - Foto: Omrop Fryslân

It UMCG ûntduts yn 2012 it bestean fan de sykte en woe graach mear ûndersyk dwaan, mar doe wie dêr net genôch jild foar. De stichting Noardseesykte en it UMCG ha no genôch jild ynsammele om it twa jier duorjende ûndersyk útein te setten. Earder waard der al troch crowdfunding in startbedrach fan 50.000 euro ynsammele.

De sykte begjint as in bern twa jier is. It begjint mei problemen mei it lykwicht, wêrtroch't in bern faak falt. Dêrnei kriget er spierskokken as er rinne of wat pakke wol. Yn de pubertiid wurde de symptomen slimmer: swiere epilepsy-oanfallen en in grutte kâns op in fergroeide rêch. Hjirtroch sitte hast alle pasjinten fan harren 13e jier ôf yn in rolstoel. De libbensferwachting is by in diel fan de pasjinten beheind, omdat de epileptyske skokken op in gegeven momint net mear mei medikaasje ûnder kontrôle te hâlden binne.

(advertinsje)
(advertinsje)