Gemeente Ljouwert liet oanbod foar de oanskaf fan grûn nij buorskip sjitte

22 feb 2019 - 11:41

De problemen by de ûntwikkeling fan buorskip Unia by Ljouwert lizze net oan it tekoart oan bougrûn. De grûn is yn hannen fan de kurator fan it fallite MegaHome. Dy hie in ôfspraak mei de gemeente om te praten oer de ûntwikkeling fan it gebiet. Dy ôfspraak is om ûnbekende reden ôfsein. Kurator Van der Hel fan Enschede is ferbjustere.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De gemeente Ljouwert hie plannen om dêr 350 wenten te bouwen. Ferline wike waard bekend dat it der mar sa'n 200 wurde en dat it nije buorskip deun njonken de beide oare buorskippen, Techum en de Klamp, oan boud wurdt. Omwenners binne poer, want har wie by ferkeap fan de grûn of de wente de belofte dien dat der frij útsicht wêze soe.

Yn de brief fan it kolleezje oan de ried oer de bouplannen stiet dat it de gemeente net slagge is alle needsaaklike grûn oan te skaffen. It giet om in stik oan de eastside fan de Wurdumerfeart. Kurator Van der Hel sprekt dat yn in brief oan it gemeentebestjoer en alle fraksjefoarsitters tsjin.

It gefolch is dat der no minder romte is foar de bou fan wenningen. Dat romtetekoart soarget derfoar dat de wenten tichter lâns de Wâldwei boud wurde en dat der in lûdswâl nedich is. Yn de oarspronklike plannen wurdt útgien fan in akoestysk lânskip om it lûd fan de dyk te dimpen.

Gemeente kaam der net út mei de kurator

De gong fan saken is opfallend. Yn Ljouwert is op it stuit in grut ferlet oan betelbere wenten. De kommende jierren moat foars byboud wurde om dêroan foldwaan te kinnen. De gemeente Ljouwert fynt it dêrom ek bysûnder spitich dat se der mei de kurator net útkaam binne. In wurdfierder seit yn in reaksje: "De gemeente heeft de curator in 2017 een concreet zakelijk voorstel gedaan. Tot en met maart 2018 zijn we daar niet uitgekomen. Daarbij hebben we gewezen op de urgentie van onze woningbouwopgave."

Mar om't de partijen der ûnderling net útkamen hat de gemeente derfoar keazen sels fierder te gean mei it útwurkjen fan de plannen. Fierder kin de wurdfierder net yngean op fragen, om't earst de ried fierder ynformearre wurde moat.

Samar petearen stopset

Yn de brief dy't yn it besit is fan Omrop Fryslân skriuwt Jan van der Hel dat hy lang mei de gemeente yn petear west hat, mar dat dy petearen sûnder opjefte fan reden stopset binne. Van der Hel: "Ik begrijp het echt niet. Als curator wil ik graag praten, maar de deur zit dicht."

De grûn wie earder yn it besit fan MegaHome. Dat bedriuw gie yn 2016 fallyt. It liet in skuld fan 268 miljoen euro achter. It bedriuw hie yn Ljouwert meardere grûnposysjes.

Foto: www.dezuidlanden.nl

Van der Hel stelt dochs goed yn petear te wêzen mei de gemeente. Hy hie in saakkundige ynskeakele om te helpen. Dat giet om Piet Wassenaar fan Amsterdam. Wassenaar: "We kregen direct van de gemeente te horen dat ze geen eigenaar wilden worden van de grond. Dus zijn we op zoek gegaan naar een derde partij voor de boedel."

De tiid dy't se dêr foar krigen, wie koart: seis wiken. "Dat is echt heel erg kort, zeker om een partij te interesseren voor een stuk grond." Lang om let waard boubedriuw Van Wijnen ree fûn om it petear oan te gean, mar dy ôfspraak gie net troch. In wurdfierder fan Van Wijnen seit dat it bedriuw frege is oft se ynteresse hiene, mar dat dêr nea wat fan op 'e hispel kaam is.

"Ik zie nu dat de gemeente heel netjes gaat bouwen om de gronden van MegaHome heen", seit kurator Van der Hel. "Ik vraag me echt af waarom? Ik snap het niet." It gefolch is dat de wenten dy't de gemeente bouwe wol folle tichterby de besteande huzen komme. Omwenners ha dêr al oer klage by it gemeentebestjoer. Mar ek minsken dy't in kavel kocht ha yn it buorskip De Klamp, dat no boud wurdt, komme mei klachten.

Finansjele kompensaasje

Yn in brief oan de riedsleden skriuwe se dat se de kavel kocht ha mei de belofte dat der frij útsicht wêze soe. Achter dat buorskip komt 'de Trijehoeke', in gebou dat liket op in pleats, mar romte biedt oan trije oant fjouwer wenten. De bewenners fiele har bekocht, sa falt te lêzen yn it skriuwen oan de ried.

In sitaat: "...werd ons gegarandeerd dat er hoe dan ook niet gebouwd zou worden in het driehoekje groen achter onze kavels. En nu blijkt niets minder waar. U zult begrijpen dat dit voor ons een enorme teleurstelling is." At it trochgiet wolle sy finansjele kompensaasje ha foar de hege grûnpriis dy't sy betelje moasten.

Foto: www.dezuidlanden.nl

Wat de eigeners fan de kavels it meast stekt, is dat se net op de hichte brocht binne fan de plannen fan de gemeente. Dat stekt ek it wykpanel De Zuidlanden. Foarsitter Sint Smeding: "It lêste dat je wolle, is stride tsjin it ôfmeitsjen fan je wyk. Want dat wolle we allegear. Mar dêr past ek by dat je no al rekken hâlde mei de minsken dy't der wenje."

Hy fynt dat de brief fan de kurator har eardere ferhaal stipet: "Nim no eefkes de tiid om nei te tinken oer wat der oer 30 jier noch stiet. Dêr hat eltsenien mear oan as no dit plan sa trochdrukke."

Unia no net fêststelle

Woansdei wurdt der yn de gemeenteried foar it earst praat oer de plannen foar Unia. De omwenners en it wykpanel krije dan de kâns om yn te sprekken en har beswieren kenber te meitsjen. Kurator Van der Hel ropt yn syn brief de riedsleden en de gemeentebestjoerders op de plannen foar Unia net fêst te stellen. Hy wol sa gau as mooglik mei de gemeente, Van Wijnen en Wassenaar om tafel.

"In goed overleg moet het mogelijk zijn om een dusdanig plan te maken dat recht doet aan de belangen van een ieder en recht doet aan de bezwaren van de direct omwonenden en het wijkpanel." Piet Wassenaar follet oan: "Niemand is blij met de manier waarop het nu gaat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)