Epke Zonderland nei rekstôkfinale yn Australië

Turner Epke Zonderland hat him by de World Cup yn Australië as achtste pleatst foar de rekstôkfinale. By de kwalifikaasje yn Melbourne helle Zonderland nettsjinsteande in fal genôch punten om troch te gean.
© www.orange-pictures.nl
Hidetake Miyachi út Japan pleatste him as earste foar de einstriid fan de World Cup yn Australië. De finale fan de rekstôk fynt takom snein plak.
Epke Zonderland yn Australië