Undernimmers Dokkum klear foar de iisfontein: "Lit de minsken mar komme"

22 feb 2019 - 10:54

Lang om let hat Dokkum fan freed ôf har eigen fontein. Oan de ein de middei wurdt hy offisjeel iepene. It hat langer duorre as de bedoeling wie, om't it technysk hiel yngewikkeld is. De fontein moat it hiele jier troch, ek yn de simmer, iis meitsje. Hy stiet op de Markt yn Dokkum. Dit plein hat in flinke opknapbeurt krigen, mei de fontein as eachlûker. Ferskate ûndernimmers gripe harren kâns en iepenje in saak op de Markt of earne oars yn de stêd.

It sletten hotel de Abdij en restaurant de Refter op de Markt binne oernommen en hielendal ferboud. Se geane freed foar it earst iepen. "It is in plak foar brulloften en oare feesten. We hawwe al ferskate reservearrings foar maart, wylst minsken noch net iens witte hoe't alles der nei de ferbouwing útsjocht", fertelt Jeltsje Veenstra, floormanager. Der is yn elts gefal in goed útsicht op de iisfontein en it ferboude plein.

Jeltsje Veenstra, floormanager KB Food en Drinks en de Refter

Der binne de lêste moannen in soad nije winkels yn Dokkum bykommen of ferboud. Undernimmer Jan Michiel van der Gang hat by syn kleansaak in gasteferbliuw bybouwe litten. Dizze wike waard der noch folop klust.

Freed - de dei fan de iepening fan de fontein - moat alles klear wêze. Van der Gang fernimt dat it drokker wurdt yn Dokkum, al wie de iisfontein noch net klear. "Ik tink dat de Sintrale As hjir ek in rol yn spilet. Fan út it suden fan Fryslân bist hinne en wer in kertier minder lang ûnderweis."

Jan Michiel van der Gang, eigner kleansaak

Jeltsje is wiis mei de fernijde Markt. "It stie fol mei auto's, it is no in plein wurden. Der binne ek bankjes dêr't minsken even sitte kinne." It kostet wol in flink oantal parkearplakken. Der wiene 68 en no kinne der mar 28 auto's parkearje.

Van der Gang fynt dit noch wol in probleem. "De ûndernimmers hawwe alles goed oppakt, no is de gemeente oan set. Der lizze allegearre plannen, hjir mei wol wat faart mei makke wurde." De gemeente lit witte dat se oan in plan wurkje om de ferlern giene plakken te kompensearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)