Dokkumse muzikante Esther de Jong bringt earste klip en album út

22 feb 2019 - 15:01

De Dokkumse sjongeres en gitariste Esther de Jong bringt har earste album út by it label Excelsior Recordings. De Jong studearre yn 2015 ôf oan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrnei wie se ûnder oare aktyf yn ferskate bands. De Dokkumse wie earder al te sjen op Oerol, Noorderzon, Vera en Vera Downstage, Incubate, Solar, Freeze Festival en Eurosonic. Har earste nûmer 'Meters Diep' stiet sûnt koart online en freed is ek de klip ferskynd.

"Meters diep is geïnspireerd op een wandeling die ik maakte met een groep songwriters, tijdens een uitje. We liepen op een pad waarlangs allemaal grote bulten aarde lagen. Maar die aarde leek te bewegen, dus wij stopten met lopen en gingen die bulten even van dichtbij bekijken. Het bleken gigantische hopen van duizenden, krioelende rode mieren te zijn", fertelt De Jong oer it ferske.

Esther de Jong is kommende wike live te sjen yn Noardewyn by Omrop Fryslân. Der spile se de ôfrûne jierren ek alris.

Trefwurden: 
muzyk Dokkum Esther de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)