Kollum: "Timmy"

22 feb 2019 - 08:25

"Sûnt ús hûn Timmy der net mear is, miste ik in grutte lobbes, mar ik doarde it eins ek net mear oan troch wat we mei him belibbe ha. In waakse Bulgaarske herder mei heupdysplasie, dy't gjin twa jier wurden is, omdat de heupoperaasje mislearre wie en troch tastânnen thús. Hy fûn allinnich syn eigen famylje leuk en guon minsken binne dreger op te fieden as hûnen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Ik bin in foarstanner fan opfanghûnen, mar omdat dy gauris in rêchsek hawwe, wie in puppy miskien dochs better, mar al in protte drokte. Myn sûne ferstân sei dat it sa ek wol lekker rêstich wie, myn hert gong in oare wei. Dus seach ik regelmjittich op it ynternet oft der net earne in leuke hûn wie en nei skoften sykjen, beljen en guon sjoen te hawwen, seach ik ôfrûne tiisdei in prachtige puppy op Marktplaats.

In krusing tusken in Berner Sennen-mem en in Sint Bernard-heit en der wiene noch twa swart-wite rikels. Ik miende dat it by in partikulier wie, mar nei wat sneupwurk kaam ik derachter dat it dochs in fokker/kennel wie, yn it suden fan it lân. En dêr sitte ek in protte breafokkers dy't sike hûntsjes út it bûtenlân ferkeapje of hûnen yn swinestâlen hâlde om non stop mei te fokken.

Dochs koe ik gjin rare dingen fine en se stiene ek net op 'e swarte list fan breafokkers, dus ik naam de gok. De earste yndruk wie net sa posityf, want it stonk nochal yn 'e hûs en it wie net bepaald skytskjin. Mar de puppy's seagen der prima út en wiene sa fleurich as wat. De heit en mem runen der ek om, de minsken wiene aardich en se hiene in goed fokbelied.

Der wiene in protte hûnen. Allegearre rassen dy't ik prachtich fyn: Leonberger, New Foundlander, Sint-Bernard, Landseer en ek lytse hûntsjes, mar die wiene yn 'e hûs. De hûnen hiene in protte romte, binnen én bûten en seagen der goed út. Der sieten ek opfanghûnen tusken fan in stichting dy't ik ken en dy't betrouber op my oerkomt, dus úteinlik hie ik der wol in goed gefoel oer.

De heit en mem wiene neisjoen op û.o. HD en der wie in paspoart by. Se wiene op 'e tiid ûntwjirme, hiene de inting hân en der siet in kontrakt by. In krusing hat gjin stambeam, mar ek in hûn mei stambeam is net sûnder risiko's en ik mei wol oer in moaie miks. Wy binne dus ôfsetten mei in puppy en wat foar ien.

Hy is sa leaf, rint hjir om of is er hjir al jierren en is nearne bang foar. Ek net foar de hynders, want dy hiene se dêr ek. It is krekt in bearke en hy hat in pear allemachtige grauwe poaten dus ik tink dat er bêst wolris grut wurde kin. Wy binne allegear fereale op him en hoopje fan herte dat er sûn , sterk en âld wurde mei.

In swart-wyt pluzich hûntsje sil dus de kommende tiid ús deistige libben yn 'e besnijing hâlde, want hy is noch net skjin en moat alles noch leare. Lokkich hawwe wy dêr ûnderfining mei en ik offerje my graach op. Sadwaande hie 'k it amper oan tiid om dizze kollum te skriuwen, mar ik wol jim it goede nijs net ûnthâlde.

In hûn moat ek in namme ha en yn stee fan Willem, Pablo, Heineken, Arek, Zorro, Sjoko ensafh. ha wy besletten him Timmy 2.0 te neamen. Nei ien dei en nacht yn 'e keuken, rûkte it hjir ek al as in kennel. Ik dweilje my in ûngelok, mar o, wat is er skattich!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)