Wês wach: koade giel yn Fryslân troch tichte dize

Minsken dy't freedtemoarn harren gerdinen iepen diene, seagen net in soad. Yn Fryslân, mar ek yn oare provinsjes yn it noard- en súdwesten fan it lân, is der nammentlik sprake fan tichte dize. It sicht is dêrby minder as 200 meter. De mist kin tige hinderlik wêze foar it ferkear.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It sicht wie it minst op Flylân. Dêr koe om 5.00 oere moarns noch gjin 70 meter fier sjoen wurde. Yn de rin fan de moarn sil de dize ferdwine en wurdt it sicht wer better.