Jonge Fryske boeren moatte stipejild diele mei pulsfiskers

22 feb 2019 - 06:55

Jonge Fryske boeren binne tige fernuvere dat in stipepot fan 11 miljoen euro ynienen dield wurde moat mei de pulsfiskers. It jild wie earst allinnich foar de boeren bedoeld, mar dat liket no dochs oars te wurden.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fan de yn totaal 75 miljoen euro stipe foar jonge boeren wie der 11 miljoen reservearre foar coaching en oplieding. Ferskate organisaasjes, wêrûnder de Agraryske Jongerein Fryslân, wiene al dwaande mei it útwurkjen fan plannen hjirfoar, en dat yn gearwurking mei it ministearje fan Lânbou.

Mar lânbouminister Carola Schouten ferklearre woansdei by in Twadde Keamer-debat ynienen dat dit jild ek foar de pulsfiskers brûkt wurde sil. In grutte ferrassing, sa seit AJF-foarsitster Eke Folkerts. "Wy hawwe al skoften petearen mei Schouten oer dizze 11 miljoen euro en hoe dat yn te foljen. Doe is der nea wat sein oer de fiskers. Dêr seagen wy wol ferheard fan op."

Eke Folkerts fan Agraryske Jongerein Fryslân

Dat der no in ekstra greep út it potsje dien wurdt, fynt Folkerts foarbarich. "Wy fine de situaasje fan de fiskers net bêst. As sy stipe nedich hawwe en dat kin út dit potsje, dan binne wy dêr foar. Mar it moat net sa wêze dat wy ús doelen dêrtroch net helje."

Noch gjin begrutting

It AJF hat noch gjin begrutting opsteld en wit noch net oft it budzjet ôfdwaande wêze sil foar har doelstellings. Dêrom wol de organisaasje net dat it bedrach no al fierder opdield wurdt.

"Wy moatte it hjir goed mei-inoar oer ha. Wêr't ik my wol soargen oer meitsje, is dat it sa hurd hinne en wer kin, dat de polityk dingen sa gau bystelle kin. Dat fyn ik in kwealike saak."

(Advertinsje)
(Advertinsje)