Auto te wetter yn it sintrum fan Ljouwert

De helptsjinsten binne tongersdeitejûn manmachtich útriden foar in auto dy't yn it wetter bedarre wie yn it sintrum fan Ljouwert. Net allinnich de brânwacht wie oproppen, mar ek dûkers, it oerflakterêdingsteam en it traumateam.
© Jaring Rispens
De auto wie op 'e hichte fan de Westerplantaazje yn de Noarder Stedsgrêft telâne kaam. De ynsitters wiene al út de auto, wêrnei't de helpferliening ôfskaald waard.
De oarsaak fan it ûngelok is net bekend. De auto is folslein ûnder wetter ferdwûn. In berger sil mei help fan in dûker de auto út it wetter helje.