It Amelân oan de slach mei parkearterrein De Hagen
De gemeente It Amelân stelt alles yn it wurk om it parkearterrein oan de Hagen yn Hollum foar it simmerseizoen klear te krijen. Dit omdat de sloop fan de ferfallen wenningen en de oanlis fan it parkearterrein neffens de gemeente fan grut belang binne foar it doarp.
De gemeente hat dêrom in part fan de útfiering nei foarren helle. Sa binne it ynrjochtingsplan foar it parkearterrein en it bestek al sa goed as klear. De oanbesteging en de start fan de útfiering kinne op dizze wize ein april al plakfine. Yn prinsipe kin it parkearterrein dan ein juny klear wêze.