Utwreiding fleanfjild Lelystêd tsjin de wet sizze aksjegroepen

21 feb 2019 - 21:35

De útwreiding fan fleanfjild Lelystêd soe yn striid wêze mei de wetjouwing, smyt ekonomysk folle minder op as it kabinet seit en jout mear lûdsoerlêst as dat út de berekkeningen bliken docht. Dat seit de Samenwerkende Actiegroepen Tegen Laagvliegen, SATL yn in rapport.

Foto: ANP

Yn de klup binne tal fan bewennersgroepen út it noarden, midden, westen en easten fan it lân feriene. Se hat grutte beswieren tsjin it fleanfjild en makket him foaral soargen oer it lûd. SATL wol dat de iepening fan Lelystêd Airport útsteld wurdt oant 2023. Dan moat it loftrom op 'e nij yndield wêze. Hjirtroch moat de lûdsoerlêst ôfnimme, omdat dan heger flein wurde kin. It mear as twahûndert siden tellende rapport is oanbean oan it ministearje fan Ynfrastruktuer yn it ramt fan de ynspraakproseduere. Yn dy proseduere binne al mear as achttûzen reakjes binnenkaam.

Nei de rjochter

De iepening fan fleanfjild Lelystêd is al twa kear útsteld. It stiet no yn de planning foar takom jier. SALT sil nei de rjochter stappe as it kabinet de plannen trochset.

(Advertinsje)
(Advertinsje)