Heale finale foar Sander Arends yn Marseille

Ljouwerter tennisser Sander Arends hat foar de sechde kear yn syn karriêre de heale finales berikt fan in ATP-toernoai. Tegearre mei Tristan-Samuel Weissborn wie hy yn Marseille mei 3-6 6-3 en 11-9 te sterk foar it Frânske duo Eyssseric/Simon.
Sander Arends yn aksje © orange-pictures.nl
De beide Frânsen wienen yn de earste set it bettere duo. Arends en de Eastenryker Weissborn krigen gjin inkelde kear de kâns om in break te meitsjen. Eysseric en Simon krigen wol twa breakpoints, pakten dêr ien fan en dat betsjutte de earste set (6-3).
It byld yn de twadde set wie oars. Arends en Weissborn krigen mear gryp op de opslach fan harren tsjinstanners. Se krigen mar leafst fiif breakpoints en benutten dêr ien fan. Om't de Frânsen harren iennichste breakpoint net fersulveren, gie de set nei it Frysk-Eastenrykse duo.
De supertiebreak, dy't de beslissing bringe moast, wie tige spannend. It ferskil tusken beide koppels wie net grut, en op 8-9 moasten Arends en Weissborn noch in matchpoint fuort wurkje. Dat slagge, en 2 punten letter koene se de winst binnen helje.

Heale finale

De tsjinstanners yn de heale finale binne op 'e nij twa Frânske spilers, Jeremy Chardy en Fabrice Martin. Dy wedstriid stiet foar sneon op it programma.