Hans Groeneweg nije direkteur fan twa musea yn Noardeast-Fryslân
Hans Groeneweg wurdt de nije direkteur-konservator fan Museum Dokkum en 't Fiskershúske yn Moddergat. Groeneweg folget Ihno Dragt op, dy't mar leafst 37 jier it boechbyld wie fan de beide musea.
Op dit stuit is de 54-jierrige Hans Groeneweg konservator 20e en 21e iuw yn it Fries Museum yn Ljouwert. Earder wie hy haad fan it Fries Verzetsmuseum. Groeneweg hat him benammen fertsjinstlik makke yn it ferbreedzjen fan kennis oer de Twadde Wrâldoarloch. Dêrnjonken hat hy ferskate funksjes yn de museumwrâld.
Hans Groeneweg sil fan 1 maaie ôf oan de slach.