UPDATE: ûngelok op A7, dyk by It Hearrenfean wer frij
De rykswei A7 tusken it Hearrenfean-west en Aldehaske wie tongersdeitejûn ofsluten foar it ferkear, troch in ûngelok oan de begjin fan de jûn yn de rjochting fan Surch.
By it ûngelok wienen in auto en in frachtwein belutsen. De auto lei op de sydkant. Hoe't it ûngelok barre koe is noch net dúdlik.