Alden fan keunstners sintraal yn nije tentoanstelling 'Geschenk uit de Hemel'

21 feb 2019 - 18:55

Syn hiele libben is skilder Gosse Koopmans ferlike mei syn ferneamde heit Klaas Koopmans. Hy soe op him lykje en it talint fan him krigen ha, mar dat sjocht hy sels oars. "It wie ús mem dy't my foarme hat. Sûnder har wie ik in hiele oare man wurden", fertelt er. Dêrom stiet net allinnich syn heit, mar ek syn mem sintraal yn syn stikje fan de tentoanstelling 'Geschenk uit de hemel' yn it Jopie Huisman Museum. Dit wykein is de iepening.

Foarutsjen op Iepening tentoanstelling geschenk uit de hemel

Myn heit wie net maklik

Gosse groeide op yn in húshâlding mei 8 bern. "Ik hie in siik suske en der is in trijeling berne. Dat wie útsûnderlik foar dy tiid. Dêrtroch krigen sy altyd in soad oandacht en skeat dat der by my wolris yn." Ek it kontakt mei syn heit wie net maklik. "Myn heit wie net maklik te benaderjen. It wie in dominante man, wy moasten ús ôfstimme op him om kontakt te krijen."

It iennige wêrtroch't hy wol in klik fielde mei syn heit wie keunst en skilderjen. "We ha in protte op paad west en dat wie echt ús manier om kontakt te hawwen. Wy koene dan nei dingen sjen en prate oer de kleuren en hoe't it ta stân kaam wie. Nim no ris de stoel yn it skilderij. Wy ha der skoften oer praat. Oer watfoar kleur it wie, wêr't dy kleur wei kaam en hoe't it makke is."

As myn heit dan wer mei de holle yn 'e war wie, dan wie ús mem as in koark dêr't ús heit op driuwe koe. Mem hâlde eltsenien by elkoar.

Gosse Koopmans

De koark dêr't ús heit op driuwe koe

Syn bân mei syn mem Hinke wie hiel oars. "As minsken witte dat ik de soan fan Klaas Koopmans bin dan sizze se hoe't wy beide talint ha foar skilderjen, mar sûnder ús mem hie ik in hiele oare man west. Ik lykje folle mear op har. Se wie in echte trochsetter. Al foel der in bom neist har, se gong troch."

Yn syn jeugd wie syn mem dan ek dejinge dêr't it gesin altyd op bouwe koe. Syn heit is "As myn heit dan wer mei de holle yn 'e war wie, dan wie ús mem as in koark wêr't ús heit op driuwe koe. Mem hâlde eltsenien by elkoar."

Wa wie Klaas Koopmans? Sjoch hjir de dokumintêre

Dokumintêre Klaas Koopmans

'Geschenk uit de hemel'

Natasja Bennink, Gerrit Breteler, Siert Dallinga, Douwe Elias, Hendrik Elings, Gosse Koopmans, Pieter Pander en Sjoerd de Vries, de âlden fan dizze 9 keunstners nimme in plak yn fan de nije tentoanstelling fan it Jopie Huisman Museum. 'Als je zulke ouders hebt, dan is dat een geschenk uit de hemel', dat sei de ferneamde skilder Jopie Huisman oer syn âlden.

Sa kaam direkteur fan it museum Peter Miedema by it idee foar de tentoanstelling. Jopie skildere syn âlden meardere kearen. Ien fan syn ferneamdste skilderijen fan syn heit wie krekt neidat syn mem stoarn is. In byld fan in man dat alles ferlern hat. Jopie sei hjiroer: "Ik heb nog nooit van mijn leven, van welke schilder dan ook, een schilderij gezien van een vader van een schilder, dat mooier is dan wat ik hier gemaakt heb."

Foto: Jopie huisman museum

De tentoanstelling 'Geschenk uit de hemel' wurdt iepene op sneon 23 febrewaris om 13.30 yn it Jopie Huisman Museum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)