Wrâldpremjêre Stellingwarver film 'Daor klept de klokke weer' yn Ljouwert

21 feb 2019 - 18:38

De alderearste Stellingwarver film 'Daor klept de klokke weer' giet tongersdeitejûn yn premjêre, yn filmhûs Slieker yn Ljouwert. De ferfilming fan in boek fan Hendrik Hoogeveen út 1959 leart ús in soad oer de skiednis fan de Stellingwerven en is foaral bedoeld om de taal en kultuer fan dizze streek yn libben te hâlden.

Wrâldpremiêre Stellingwarver film 'Daor klept de klokke weer'

Yn de film fan in heal oere sjogge we hoe't de Stellingwerven om it jier 1500 hinne harren selsstannichheid nei in fûle striid kwytrekken. Dizze film is spesjaal bedoeld foar de heechste klassen fan it basisûnderwiis en de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis. Sa bliuwt ek de nijste generaasje op 'e hichte fan de histoarje fan de Stellingwerven. Dêrom sil it Stellingwerver ynstitút de Skrieversronte ek noch op de skoallen in searje lessen fersoargje oer de taal en kultuer fan 'e streek.

Stellingwarver film - Foto: Omrop Fryslân

De film is al yn 2017 opnaam mei in soad spilers en figuranten út de regio. Foar regisseur Thomas Rovers út Grins wie it syn earste 'grutte' film en dus in flinke útdaging. Mei inoar ha sa'n 60 oant 70 minsken oan de film meiwurke. De organisaasje fan de premjêre is yn hannen fan de Stellingwarver Skrieversronte en It Europeesk Buro foar Lytse Talen.

De premjêre fan 'Doar klept de klokke weer' is in pear kear útsteld, ûnder oare troch sykte. No is it op 21 febrewaris einliks safier, en it is net in tafallige datum, want is de Ynternasjonale dei fan 'e memmetaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)