Fryske kameraman Thomas Overal mei filmje by de paus: "It wie krekt in popkonsert"

De Fryske kameraman Thomas Overal hat woansdei by de paus op audiïnsje west foar in dokumintêre. Overal wennet sûnt in pear jier yn Italië, mar wurket alle jierren yn de simmer ek foar Omrop Fryslân by it skûtsjesilen.
Kameraman Thomas Overal yn aksje by it skûtsjesilen © ANP
Kameraman Thomas Overal
"In pear dagen fan tefoaren bellen se my oft ik ek mei woe om nei it Fatikaan te gean foar in dokumintêre", fertelt Overal. "In Amerikaanske keunstneres woe graach in skilderij oanbiede oan paus Franciscus. Ik sei, dat moat altyd wêze."
It is net sa maklik om it Fatikaan yn te kommen, hielendal net mei in kamera. "Gelokkich hiene sy alles regele, dus wy gongen moai achter har oan. Der binne noch tsientûzen oare minsken dy't sa'n audiïnsje bywenje. It is krekt in popkonsert, net te leauwen."
© Omrop Fryslân
By in audiïnsje giet de paus by de minsken del om se te seinigjen, mar Overal hat gjin hân fan de paus krigen. "Nee, ik moast dêr filmje. Op it momint dat hy by ús yn de buert wie, moasten wy alert wêze dat hy it skilderij beseach en dat dat allegear goedkaam. En dat is slagge."
Yn tweintich sekonden wie it moment suprême lykwols alwer foarby en it is wol spannend foar in kameraman om dat net te missen. "Ja, freeslik. Dan sille je krekt sjen dat je batterij hast leech is, as it safier is, want je moatte earst trije oeren wachtsje op it momint. Je moatte altyd in bytsje klear wêze, want je witte noait wannear't it gebeurt. Mar it gong allegear goed, gelokkich al."