Oortwolkfontein Frjentsjer mooglik net mear permanint oan om tsjerke te sparjen

21 feb 2019 - 17:41

De gemeente Waadhoeke tinkt deroer nei om de Oortwolkfontein yn de binnenstêd fan Frjentsjer de kommende maitiid en simmer net mear permanint sproeie te litten om sa mooglike skea oan de gevel fan de monumintale Martinitsjerke te foarkommen. Dat seit wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke.

De Oortwolkfontein hat op dit stuit noch winterstop, mar giet op 23 maart wer oan en dat betsjut dat de kleastermoppen fan de 15de-iuwske tsjerke wer wiet wurde. Tsjerkfâdij en de gemeente Waadhoeke hawwe ôfpraat dat se de mooglike skealike effekten fan de fontein op de muorre en ruten fan de tsjerke hiel skerp yn 'e gaten hâlde sille.

Guon Frjentsjerters tinke dat de fontein te ticht by de monumintale tsjerke stiet - Foto: Omrop Fryslân

It wetter sil de kommende maitiid en simmer yn alle gefallen goed ûnthurde wurde om mooglike skea te foarkommen. Mar wethâlder De Pee slút ek net út dat it nedich wêze sil om it boppeste part fan de fontein - de wolk - net mear permanint funksjonearje te litten. "Als je dat niet permanent doet, maar elk kwartier, net zoals het carillon, dan wordt het meer een belevenis", seit de wethâlder.

De Oortwolkfontein hat no noch 'winterstop' - Foto: Omrop Fryslân

Gemeenteriedslid Joke Osinga (VVD) fan de gemeente Waadhoeke hie leaver sjoen dat de fontein in oar plak krigen hie, bygelyks oan de Turfkade. "Dan hawwe je wetter by wetter, dan hawwe je minder skea."

De gemeente Waadhoeke is neffens 'kritysk boarger' Hiltsje Geertsma yn 't foar goed warskôge foar it risiko fan de fontein deun by de yngong fan de tsjerke. "Der is no al oanslach op de muorre en de ruten. Kleastermoppen binne poreus, dy nimme wetter op en wurde net mear drûch."

Hiltsje Geertsma en Joke Osinga (VVD)

De fontein sil net ferpleatst wurde

Wethâlder De Pee is bekend mei dizze krityk, mar kin har net folle foarstelle by it mooglik ferpleatsen fan de fontein. "Juist op deze locatie komt de fontein prachtig tot z'n recht. Het voegt echt wat toe aan de binnenstad. De kerk staat er al heel lang, in weer en wind, die komt echt niet meteen in de problemen door een nieuwe fontein."

Mar, om skea oan it monumint foar te kommen sille Waadhoeke en tsjerkfâdij it effekt fan wetter en wolk op de gevel fan de tsjerke hiel kritysk hifkje, sa is ôfpraat.

Wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke

Hiltsje Geertsma en wethâlder Caroline de Pee oer de fontein yn Frjentsjer

(advertinsje)
(advertinsje)