Tsjerke Baaium einlings klear

29 jun 2012 - 15:54

Foar it earst yn mear as 27 jier kinne ynwenners fan Baaium wer yn eigen doarp nei tsjerke. Dy tiid wie nedich om de monumintale tsjerke te restaurearjen.

Yn de jierren '80 sleat de tsjerke de doarren omdat it net mear ferantwurde wie om tsjinsten te hâlden. De restauraasje is yn trije fasen dien: earst de bûtenkant, dêrnei de tsjerketoer en as lêste it ynterieur. Der is besocht om de tsjerke safolle mooglik yn de orizjinele steat werom te bringen. De restauraasje hat 8 ton koste.

Trefwurden: 
restauraasje tsjerke Baaium
(Advertinsje)
(Advertinsje)