Subsydzje foar restauraasje mûnen by Holwert en Peazens

Mei help fan in bydrage fan it ministearje fan Kultuer kinne der yn Fryslân twa mûnen opknapt wurde. It giet om de Miedemûne fan Holwert en De Hond by Peazens. De twa mûnen binne oan restauraasje ta.
Restauraasje Mûnen
Sa moat der by de Miedemûne fan Holwert ûnder oare wurk dien wurde oan de wjukken en de skroef. De Miedemûne is in poldermûne, wylst De Hond in nôtmûne is. By De Hond wurde ûnder oare de kap en de stellingkonstruksje renovearre.
Stichting De Fryske Mole is tige bliid mei de subsydzje fan Den Haag. Neffens foarsitter Wiepke Schukken fan de stichting is it gewoanwei folle dreger om oan genôch sinten te kommen foar restauraasjewurk. No komt 70 prosint fan it Ryk en de oare 30 prosint fan de provinsje.
Dit jier moatte beide mûnen wer hielendal klear wêze.