Fryske sjoernaliste Bette Dam skriuwt boek oer Talibanlieder Mullah Omar

21 feb 2019 - 17:22

Sjoernaliste Bette Dam, oarspronklik fan Kollumersweach, hat in boek skreaun oer Talibanlieder Mullah Omar. It boek hjit 'Op zoek naar de vijand'. Dam wie fan 2006 oant 2012 korrespondint yn Afganistan en hat foar dit boek 5 jier ûndersyk dien nei de gongen fan de hantlanger fan Osama Bin Laden.

Foto: De Bezige Bij

Bette Dam

Omar stoar yn 2013 oan TBC. Dat hy nea pakt is troch de Amerikanen liket hast in wûnder, as we it ferhaal fan Dam lêze. De Amerikanen hiene twa kear yn it hûs west dêr't hy ferbleau, mar ha him dochs net fûn.

Dam hat in soad minsken ynterviewd om har boek te skriuwen. Se woene har graach harren ferhaal fertelle en dat hie Dam net ferwachte. "Ik tocht dat it foar in frou miskien bêst lestich wêze soe, mar se wienen enoarm gastfrij. Der is ek seker dy kant fan it ferhaal oer Afganistan. It is fansels in hiel oare wrâld, mar ik fûn it makliker as ik tocht."

It boek 'Op zoek naar de vijand' wurdt tongersdeitejûn presintearre yn Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)