Sirkulêre fytsbrêge Ritsumasyl wint lanlike priis

21 feb 2019 - 17:21

De biokomposyt fytsbrêge fan Ritsumasyl hat in lanlike sirkulêre priis wûn. It giet om de saneamde Circular Award 2019. De priis waard tongersdei útrikt by de Nationale Conferentie Circulaire Economie yn Den Haach. De brêge is noch yn oanbou en wurdt yn de twadde helte fan dit jier yn gebrûk naam.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Steatssekretaris Stientje van Veldhoven oerlange de priis oan Sjoerd Vrieswijk fan opdrachtjouwer Provinsje Fryslân. De brêge fan Ritsumasyl hat ek noch in publykspriis wûn.

De âlde brêge oer it Van Harinxmakanaal wurdt op dit stuit ferfongen. It bouteam kaam mei in asymmetryske draaibrêge mei in brêgedek fan biokomposyt, dat foar tachtich prosint bestiet út flaaks en hars. De saakkundigen ha in soad betrouwen yn it materiaal om it te brûken foar brêgedekken.

Primeur

De brêge fan Ritsumasyl is de earste dy't mei dit materiaal makke wurdt. Der binne tal fan merkpartijen belutsen by de bou. Fierders is der in gearwurking mei de hegeskoallen en universiteiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)