Crone: "Miljoenen nedich om problematyk betize minsken oan te pakken"

It tal meldingen oer betize minsken bliuwt mar groeien. Benammen yn it noarden fan Nederlân is de taname, yn fergeliking mei acht jier lyn, signifikant. Dat docht bliken út lanlike plysjesifers. Neffens boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert moat Den Haag miljoenen op it kleed lizze om de problematyk oan te pakken. Hy is ek foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân en hat al folle faker op 'e tromme slein oer dit probleem.
© Shutterstock
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert
Betize minsken wurde tsjintwurdich minder gau en lang opnommen yn in psychiatryske klinyk, seit Crone. "Dat willen we en het is ook terecht dat mensen langer in de wijk wonen. Maar dan moet je in de wijk ook de goede begeleiding hebben en zeker in een crisissituatie."
Yn Fryslân wurdt besocht om betize minsken sa goed mooglik op te fangen. Der rydt in auto mei in GGZ-ferpleechkundige, dy't op paad giet as der in melding komt oer in betize persoan. De plysje giet der dan net op ôf. Faak kin de ferpleechkundige de situaasje wer delbêdzje.
De ynset fan sa'n ferpleechkundige kostet wol jild en wurdt troch gemeenten no út eigen middelen betelle. Om it te bekostigjen, moat der út Den Haag wei jild op it kleed komme, fynt boargemaster Crone. "We hebben niet het geld erbij gekregen om dat te doen. Dat is zomaar een tekort van 300 miljoen voor de gemeentes. Dus dat is echt een groot bedrag. Dat moet echt gebeuren, anders houden we dit."