Ljouwert ferjaget roeken mei knalpistoalen

21 feb 2019 - 16:22

De gemeente Ljouwert is tongersdei fan start gien mei it ferjeien fan roeken op plakken dêr't de bisten foar oerlêst soargje. Dit fynt plak troch middel fan knalpistoalen en wurdt dien troch jagers dy't hjirfoar sertifisearre binne. De nêsten wurde fuorthelle troch meiwurkers fan de bûtentsjinst. De wurksumheden duorje oant heal april.

Foto: Wikipedia

De gemeente Ljouwert hopet op dizze wize de oerlêst wer ûnder kontrôle te krijen en dat de roeken op nije plakken briedzje kinne. De provinsje Fryslân hat ûntheffing jûn foar aksje oant 'e mei 2023. Roeken meie allinnich ferjage wurde op plakken dêr't de folkssûnens 'yn it geding is'.

Oerlêst op ferskate plakken yn Ljouwert

De oanpak fan roeken fynt plak yn Heechterp-Skieringen op de lokaasjes Beukenstrjitte-Acaciastrjitte en omjouwing en de Skieringerwei. Fierders wurde de roeken ferjage fan de Uiterdijksterwei yn Nijlân en by it krematoarium yn Goutum.

Yn Westeinde by it roomsk-katolike begraafplak wurde allinnich de nêsten fuorthelle. Dat is ek it gefal op de Giekstrjitte yn de Schepenbuert, mar mooglik moatte de roeken dêr ek ferjage wurde. It kin wêze dat op oare plakken ek oerlêst ûntstiet. As it nedich is wurdt ek dêr aksje ûndernaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)