Natuerreisgids foar hiele Waadgebiet

Der is al in hiel soad skreaun oer it Waad en dat is ek net sa hiel frjemd. Yn 2017 is it gebiet keazen ta it moaiste natuergebiet fan Nederlân. By dy priis hearde ek in echte natuerreisgids en dy is tongersdei presintearre. It is in saneamde 'crossbill guide' fan de Nederlânsk-Europeeske stichting mei deselde namme.
Natuerreisgids foar hiele Waadgebiet
It doel is it fergrutsjen fan de belutsenheid by natuerbeskerming. Neffens skriuwer en ekolooch Dirk Hilbers wie der noch net sa'n soarte fan natuergids foar it hiele Waad wêrby't kennis oer de natuer fan it Waad hiel praktysk keppele wurdt oan plakken dêr't je al kuierjend en fytsend dy natuer it bêste belibje kinne.
It Waad by Flylân. © Remco de Vries
Der steane 28 rûtes yn en net allinnich op de eilannen. Ek de Waadkust foar de fêste wâl yn Fryslân en Grinslân kriget omtinken. Dy rûtes binne allegearre troch de stichting Crossbill Guides útsetten yn oerlis mei de natuerbehearders. Dy witte fansels de moaie plakken al goed te finen, mar witte ek wêr't de natuer te kwetsber is om in soad minsken op los te litten.
Foar de lansearing fan de gids waard ek in ekskurzje op it Noarderleech organisearre. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Op guon plakken wurdt de lêzer ek frege om bygelyks gjin hûn mei te nimmen. Cross Bill Guides is in saneamde 'non-profit' organisaasje dy't natuerreisgidsen makket foar in grut ferskaat oan bysûndere natuergebieten yn Europa. It is de twadde gids oer in Nederlânsk natuergebiet.