Bergsma en Ketellapper-Zielman gripe neist winst Grand Prix yn Sweden

21 feb 2019 - 14:40

It is de Fryske maratonriders net slagge om de fjirde bûtenlânske Grand Prix te winnen. Yn it Sweedske Luleå wûn Gary Hekman by de manlju, Jorrit Bergsma waard twadde en Crispijn Ariëns tredde. By de froulju wûn Irene Schouten foar Carla Ketellapper-Zielman en Carien Kleibeuker.

Bergsma Grand Prix yn Sweden

De manlju rieden tongersdei 100 kilometer en de froulju 80. De omstannichheden wiene dreech: de temperatuur yn Luleå lei sa'n tsien graden ûnder nul. By de manlju waard it in einsprint wêryn't Hekman te fluch wie foar Bergsma en Ariëns. Dy lêste, ynwenner fan Wolvegea, fiert it klassemint oan.

By de froulju moast in groepke fan trije útmeitsje wa't de oerwinning pakke soe. Uteinlik wie Schouten it rapste. Ketellapper-Zielman en Kleibeuker einigen as twadde en tredde. Dêrtroch bliuwt Ketellapper-Zielman wol boppe-oan stean yn it klassemint. Manon Kamminga waard fiifde en stiet yn it klassemint noch altyd twadde.

Ketellapper Kleibeuker Grand Prix yn Sweden

Op it Sweedske iis yn Luleå ride de maratonriders totaal trije kear in saneamde Grand Prix. Dit is ûnderdiel fan yn totaal seis Grand Prixs yn it bûtenlân. De earste trije wiene op de Weissensee yn Eastenryk en de lêste trije yn Luleå yn Sweden. Sneon is de fiifde en snein is de sechde. Dan wurdt dúdlik wa't by de froulju en by de manlju it klassemint fan de bûtenlânske Grand Prixs wint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)