Trije programma's fan Omrop Fryslân nominearre foar NL Award

21 feb 2019 - 14:04

Trije programma's fan Omrop Fryslân binne nominearre foar in NL Award. De NL Awards binne de jierlikse ûnderskiedings foar de bêste programma's fan de regionale omroppen. Regionale publike omroppen kinne programma's ynstjoere foar dizze priis.

Foto: Omrop Fryslân

By de dokumintêres tinget Fryslân Dok De Joadske Brulloft fan Annet Huisman mei nei de titel. Yn de kategory 'Eigen Nieuws' giet it om it item oer de Fryske readbûnte kij, dy't mei útstjerren bedrige binne. Yn de kategory 'Beste Radioprogramma' is Buro de Vries fan Geartsje de Vries oer de Fryske transgender Manon: "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere in grutte kânshawwer.

De NL Awards binne in inisjatyf fan de haadredakteuren fan regionale omroppen. De prizen wurde útrikt by it jierlikse kongres foar meiwurkers fan regionale omroppen: it NL Media Event. Der binne seis kategoryen mei elk trije nominaasjes.

Op 27 maart wurdt bekend hokker programma's ek echt in NL Award wûn hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)