Blessuereweach pleaget SC Cambuur foar duel mei FC Dordrecht

21 feb 2019 - 13:52

SC Cambuur mist leafst seis spilers foar de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht. Trainer René Hake moat puzelje om in opstelling te meitsjen. "Maar elf man opstellen, moet lukken", grapjaget hy.

Foto: Henk Jan Dijks

Ferline wike ûntbrutsen Jordy van Deelen, Robert van Koesveld, Issa Kallon, Kevin van Kippersluis en Nigel Robertha. Dizze wike kaam Kevin Jansen dêr mei in knibbelblessuere by. Matthew Steenvoorden stapte tongersdei op de training earder út mei rêchklachten. It is noch net wis oft hy freed spylje kin. Hake: "Het zijn vooral gewrichtsklachten. Het kunstgrasveld kan zeker een oorzaak zijn. Wij denken dat dat wel van grote invloed kan zijn." Spilers kleie oer dat it fjild hurd wêze soe en dat de 'demping' net goed is.

Der stiet foar Cambuur druk op de wedstriid tsjin FC Dordrecht. De lêste thúsoerwinning waard behelle op 2 novimber 2018, tsjin Jong Ajax. Dat wit Hake mar al te goed: "Tuurlijk. Thuis moet je basis zijn om veel punten te halen. Dat is, gezien de laatste overwinning, te weinig gebeurd. Daar hamer je extra op."

Ek op de ranglist kinne de Ljouwerters har net al te folle misstappen mear permittearje. Cambuur stiet fjirtjinde en trije punten efter op in play-off-plak. "Uiteindelijk willen we terechtkomen op een plek die recht geeft op play-offs. Dat betekent dat je punten moet halen, heel simpel", sa seit Hake.

Trainer René Hake foar Dordrecht

It besef dat it oars moat by Cambuur, spilet ek yn de seleksje neffens oanfaller Tyrone Conraad. "Tuurlijk leeft dat in de groep. Zeker als je onnodig wedstrijden gaat verliezen en punten laat liggen in uitwedstrijden. Dan zie je ook dat er een beetje frustratie is."

Neffens de oanfaller, dy't wol fit is en freed spylje sil, kin syn ploech de frustraasje omsette yn ekstra motivaasje. "Op de training wordt er harder gewerkt en geeft iedereen elkaar op de kop. Zeker is, dat vrijdag een belangrijk potje is."

Tyrone Conraad foar Dordrecht

De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Dordrecht is in duel tusken de nûmers fjirtjin en santjin fan de earste difyzje. It duel set freedtejûn om 20.00 oere útein yn it Cambuur Stadion. Omrop Fryslân docht live ferslach op de radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)