Gjin fan-mars fan FC Groningen-fans op It Hearrenfean

21 feb 2019 - 13:39

Fans fan FC Groningen meie op 14 april net yn in fan-mars nei it stadion op It Hearrenfean rinne. Dat skriuwt RTV Noord.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn sa'n fan-mars, offisjeel in 'corteo', rinne de supporters yn in grutte groep fan it parkearterrein nei it stadion. Ferline jier diene de fans fan FC Groningen dat ek doe't se út op It Hearrenfean spilen. Omwenners hawwe dêr doe oer klage.

(Advertinsje)
(Advertinsje)