Patyna test VR-brillen yn âldereinsoarch
Soarchynstelling Patyna ûndersiket wat technyk betsjutte kin foar âldereinsoarch. Op it stuit test de ynstelling Virtual Reality. Sa kinne âlderen mei in VR-bril op fan har stoel út op reis gean as se dêr fysyk net mear ta yn steat binne. Sa kinne se bygelyks nochris nei it plak dêr't se eartiids wenne ha of firtueel dochs de reis meitsje dy't se altyd al meitsje woene. Dat is wichtich foar har wolwêzen.
David de Jong fan Patyna is op it stuit yn Japan op in beurs oer âldereinsoarch. Yn Japan moat yn 2020 80 persint fan de soarch robotisearre wêze. Der is in grut tekoart oan soarchferlieners yn it lân en op dizze wize kin dochs goeie soarch bean wurde. In foarbyld foar Nederlân tinkt De Jong.
Hoe kin de VR-bril helpe yn de âldereinsoarch?
"Ast wat âlder en minder mobyl bist, binne der dingen dy'tst noch wol graach dwaan wolst. Sa wie der bygelyks in âldere frou dy't de bril opsette. Sy gie de bergen yn en doe waard se hielendal emosjoneel. It wie krekt as doe't se yn de jierren 20 yn Switserlân wenne", fertelt De Jong.
In oare frou dy't hearde fan it VR-projekt hie noch graach nei Afrika wold. Doe't de frou de bril op hân hie, hie se echt it gefoel dat se yn Afrika west hie. De nacht dêrop ferstoar de frou. "Dat binne hiele moaie ferhalen. VR is hiel nij en wurdt benammen makke foar jonge gamers. Wy binne bot op syk nei wat âldere minsken moai fine om te sjen."
Dochs hat it gefoelsmjittich ek wat earmoedichs, want der giet neat boppe kontakt fan minske ta minske. "It moaie oan robots is dat se taken oernimme wêrtroch't der mear oandacht komt foar de minsken. Robots ferfange it kontakt net, se binne der mear ta ûndersteuning."