Spoartunnel by Feanwâlden teplak en ek yn Hurdegaryp wurdt hurd wurke

It spoar fan Ljouwert nei Grins wurdt tongersdei op twa plakken ûndertunnele. By de Goddeloaze Singel by Feanwâlden is moarns in fyts- en kuiertunnel ynskood en by Hurdegaryp wurdt in spoarûndertrochgong foar al it ferkear makke. It treinferkear tusken Ljouwert en Bûtenpost leit dêrtroch oant en mei snein stil. Arriva set bussen yn om reizgers te ferfieren.
Spoartunnel Hurdegaryp
It wurk moat it mooglik meitsje dat der mear en langere treinen ride kinne tusken Ljouwert en Grins. Sa is it de bedoeling dat der in ekstra sneltrein komt tusken beide provinsjehaadstêden. Dit moat de berikberens fan it Noarden fergrutsje.
De tunnel by Feanwâlden leit yntusken te plak. Dizze tunnel is noch ûnderdiel fan it wurk oan de Sintrale As. Om it gebiet oantreklik te meitsjen, binne ûnder oare tal fan fyts- en kuierpaden oanlein.
De tunnel by Hurdegaryp wurdt fan 13.00 oere ôf te plak skood. It doarp wurdt sa better berikber. No stiet it ferkear geregeld stil foar de spoaroergong yn de Ryksstrjitwei.
De wurksumheden binne rjochtstreeks te folgjen fia in livestream fan Provinsje Fryslân.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra seach by de spoartunnel yn Hurdegaryp