Soad Fryske âlderen sûpe

29 jun 2012 - 15:37

It tal âldere probleemdrinkers yn Fryslân nimt noch hieltyd ta. Ut sifers fan helpferlieningsynstânsjes docht bliken dat it tal 55-plussers dat omskreaun wurde kin as swiere drinker sûnt 2005 bot tanommen is.

It giet sels om in ferdûbeling. 15,5 % persint fan de manlju en froulju boppe de 55 drinkt yn elk gefal ien kear yn 'e wike seker seis glêzen alkohol. It probleem is by manlju wol grutter as by de froulju. By de manlju giet it om 20 %, by de froulju om 10.5 %.

(advertinsje)