PvdA: mear amtlike gearwurking

29 jun 2012 - 15:21

De gemeente Ljouwert moat mear oparbeidzje mei de provinsje en Wetterskip Fryslân. Dat soe in protte jild besparje kinne. Dat fynt de fraksje fan de PvdA yn de ried fan Ljouwert. De provinsje is dwaande om te sjen nei gearwurking mei Grinslân en Drinte, mar neffens de PvdA soe earst sjoen wurde moatte nei gearwurking mei oare bestjoerslagen yn Fryslân.

Sa soene gemeentes, provinsje en wetterskip inoar helpe kinne op de ôfdielings ynkeap, grafyske tsjinstferliening of personielsadministraasje. De PvdA wol dat b. en w. aksje ûndernimme.

By provinsje, gemeente en wetterskip wurkje mei-inoar mear as 2.000 amtners. De trije bestjoerslagen jouwe mei har trijen elts jier tusken de 200 en 250 miljoen euro út oan guod dy't se nedich hawwe foar de amtlike organisaasjes.

(advertinsje)