Skipfeart: wachtsje op Beatrix

29 jun 2012 - 15:07
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It skipfeartferkear moat nije wike freed rekken hâlde mei opûnthâld by de Luts en farwei de Ie. Dit yn ferbân mei de besite fan Keninginne Beatrix.

Fanwege de besite is de Luts op it trajekt Lutsmond - sintrum Balk fan 11 oant 2 oere middeis net tagonklik foar it skipfeartferkear. De farwei De Ie op it trajekt Brêge Wâldsein - Sleattemermar is fan healwei alven oant 12 oere net befarber.

(advertinsje)
(advertinsje)