Deade Dokkumer: gjin útspraak

Yn 'e saak fan 'e Dokkumer (21) dy't ferline jier yn syn auto ferstoar is freed noch gjin útspraak dien. Twa spesjalisten hawwe hjirfoar te min ynformaasje oer de deadsoarsaak fan 'e man. Dy sil no earst fierder ûndersocht wurde.
Ien fan 'e trije fertochten is al wol frijsprutsen. It giet om de Ljouwerter (23) dêr't de Dokkumer GHB fan krigen hie. Hy hat gjin skuld omdat er yn Ljouwert bleaun wie, doe't de oaren wer nei Dokkum riden. De Dokkumer kaam letter yn syn wenplak om it libben. Tsjin de trije fertochten wiene wurkstraffen easke.