Menameradiel is stellerij sêd

09 nov 2011 - 18:53
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Menameradiel freget syn ynwenners de plysje te beljen as se fertochte sitewaasjes by gemeentlike gebouwen sjogge. Menameradiel is it ôfrûne jier it slachtoffer wurden fan de stellerij fan koper en lead fan seis gemeentlike gebouwen. Der is dêrtroch in skea fan sa'n 15.000 euro.

It giet om stellerij fan koper út in tongerlieder op in sporthal en lead fan fjouwer skoalgebouwen en in bibleteek. De gemeente hopet troch opmerksumheid fan syn ynwenners fierdere stellerij foar te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)