Wetterskip Fryslân fergrizet

29 jun 2012 - 14:27

De meiwurkers fan Wetterskip Fryslân fergriizje. It wetterskip hat ferlet fan jonge minsken mei talint foar nije technologieën en ideeën. Dêrom hat it Wetterskip freed in gearwurkingsoerienkomst tekene mei it Centre of Expertise Water Technology CEW. Yn dit ynstitút komme ûnderwiis, oerheid en bedriuwslibben byinoar om talint op te lieden foar de wettersektor.

Troch de gearwurking kinne studinten op staazje by it Wetterskip en ûndersyksfasiliteiten lykas wettersuveringsynstallaasjes brûke. It Wetterskip sil ek gastkolleezjes fersoargje.

It giet om in oerienkomst foar yn earste ynstânsje fiif jier. It wetterskip ynvestearret 50.000 euro it jier yn de gearwurking.

(Advertinsje)
(Advertinsje)