Krityk biskop op Geert Wilders

29 jun 2012 - 14:04
Biskop De Korte - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

PVV-lieder Geert Wilders driuwt minsken úitinoar. Dat is ferkeard, want minsken hearre krekt byinoar. Dat seit biskop Gerard de Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert freed yn de krante Trouw.

'Wilders benoemt reële problemen, maar zijn antwoorden zijn te kort door de bocht', seit De Korte. "Ze doen geen recht aan de complexheid. Daarmee strooit hij zand in de ogen van de mensen.' In goeie politikus moat ek tsjin de 'waan fan de dei' yngean kinne. De PVV-lieder docht dat net, sa seit de biskop.

(advertinsje)
(advertinsje)