Auto te wetter by Harns
Op de N31 tusken Harns en Kimswert rekke tongersdeitemiddei in auto fan de dyk en yn it wetter. In man fan 48 út Twizelerheide waard om in oere as fiif net goed yn syn auto en rekke de macht oer it stjoer kwyt.
De brânwacht en de minsken fan de ambulânse hawwe de man yn it wetter út syn auto helle. De man waard foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.