Hurdfytser botst op kontener

29 jun 2012 - 11:13

In hurdfytser is tongersdeitemiddei op in nuvere wize ferwûne rekke by in ûngelok op de Merkebuorren yn Wynjewâld. In jiskeauto stie stil om in smoargenskontener te leegjen. De 44-jierrige hurdfytser fan De Gordyk ried der lâns, mar de kontener kaam tsjin syn holle oan.

De fytser foel en rekke ferwûne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)