Feanster famylje Bijlsma nimt Kanadeeske reedrider yn 'e hûs

21 feb 2019 - 11:12

It begûn mei in opmerklike oprop: de Kanadeeske reedrider Laurent Dubreuil socht op Facebook nei ûnderdak yn Fryslân om him ta te rissen op de Wrâldkampioenskippen sprint dit wykein. Normaal sprutsen betellet it nasjonale reedrydbûn it ûnderdak fan de sporters foar trainingskampen en toernoaien, mar dêr wie dit kear net genôch jild foar.

Foto: Facebook Laurent Dubreuil

"Al it jild is útjûn oan de wrâldbekers en de WK ôfstannen, want dat binne de olympyske dissiplines", fertelt Dubreuil oan de NOS. Hy woe perfoarst nei de WK sprint. "We traine hast it hiele jier troch twa kear op in dei, gean op tiid op bêd en ite sûn. Dat doch ik om net wedstriden te missen. Do moatst kreatyf wêze en in plak fine, lykas hjir."

Dêrom brûkte Dubreuil syn kreativiteit om op It Hearrenfean telâne te kommen. De reedrider pleatste syn oprop begjin jannewaris op Facebook en al gau streamden de reaksjes binnen. "Ik ha se net teld, mar it wiene der grif mear as tritich. Ik hoopje dat ik se allegear beändere ha. As dat net it gefal is, sorry."

Allergy

Troch syn allergy foar hûnen en katten koe Dubreuil net oeral telâne. Dêrom keas er foar it hûs fan de famylje Bijlsma. De dochters fan de famylje namen kontakt mei him op.

Dubreuil: "Dit is perfekt, ik kin op 'e fyts nei de iisbaan. En ik sit fansels by hiel aardige minsken, it hie net better útpakke kind", seit hy wylst hy in rûnlieding jout troch syn tydlike ûnderkommen. "Gelokkich is de WK sprint op It Hearrenfean, yn de reedrydhaadstêd fan de wrâld. Dat makket it foar my makliker as wannear't it WK yn Sina west hat, dêr't se hast gjin Ingelsk prate."

SC Hearrenfean

Ien fan de sliepkeamers op de earste ferdjipping is dizze wike de keamer fan Dubreuil. Ut syn koffer neist it bêd hellet er in fuotbalshirt mei wyt-blauwe streken mei sân pompeblêden. "Ik ha dit shirt meinaam, omdat der in wichtige wedstriid spile wurdt", doelt hy op in duel fan SC Hearrenfean.

"Doe't ik hjir foar it earst kaam, tocht ik: de kommende tsien, fyftjin jier sil ik op syn minst tweintich kear op It Hearrenfean wêze, dus dan sil ik jûchje foar de fuotbalklup fan hjir. Ik bin in grutte Hearrenfean-supporter, ik bin altyd bliid om hjir te wêzen."

Hy hat in seizoenskaart krige fan de famylje Bijlsma en dêrom siet er yn it Hearrenfean-shirt op de tribune by de wedstriid tsjin PSV ôfrûne sneon.

Net allinnich mei it shirt fan de fuotbalklup, ek mei in mûtse yn de Fryske kleuren lit de Kanadees himsels sjen. "Dêr bin ik yn 2012 mei begûn by de WK ôfstannen hjir. Ik ha 'm by elts toernoai droegen. It jout my enerzjy, want minsken fine it leuk om te sjen."

Stipe

Der is dus net in soad jild yn it Kanadeeske langebaanreedriden, mar dat der überhaupt in budzjet is foar de wrâldbekers is te tankjen oan olympysk kampioen Ted-Jan Bloemen.

"Syn medaljes (sulver op de fiif kilometer, goud op de tsien, red.) binne de basis fan ús programma. It oantal medaljes op de Olympyske Spelen en WK's bepale hoefolle jild we krije", seit Dubreuil. "Sûnder medaljes soene we tink ik net alles kwytrekke wêze, mar dan hiene we grif minder krigen."

Hoe gesellich it ek is by de famylje Bijlsma, de Kanadeeske reedrider hopet dat it kommend jier net wer nedich is. "It is swier foar de reedriders, of eins foar de reedrydsport yn Kanada yn it algemien. It bûn fynt it fansels ek net leuk en sil besykje mear jild te krijen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)