Wethâlders teloarsteld oer fal kolleezje: "Ik hie graach de termyn ôfmeitsje wold"

It kolleezje fan CDA, VVD en FNP yn de gemeente De Fryske Marren is fallen. In moasje fan wantrouwen fan it CDA en de VVD tsjin de beide FNP-wethâlders Durk Durksz en Durk Stoker is oannommen. D66, PvdA en GroenLinks stipen de moasje. Beide wethâlders moatte it fjild romje, omdat de fraksjes fan it CDA en VVD in fertrouwensbreuk ha mei de fraksje fan de FNP, neidat dy tsjin sânwinning yn de Iselmar stimd hat.
Wethâlders teloarsteld oer fal kolleezje
Ferslachjouwer Andries Bakker wie woansdei by de gearkomste
"It is net sa dat ik hjir hielendal ferslein stean. De wrâld draait troch. Der binne nije útdagings. Mar it is dochs jammer. Je wurde net wethâlder om nei 2,5 moanne nij wurk te sykjen", seit wethâlder Durk Stoker. "Ik begryp it proses wol, mar je hiene ek oare ôfslaggen nimme kind, mar dat hat hja net wold."

Personifikaasje fan de partij

Stoker en Durksz binne FNP-wethâlders en wurde dochs sjoen as in personifikaasje fan dy partij yn it kolleezje. Dêrom soene se fuort moatte. "Dat fyn ik in bysûndere kyk op de saak. Want der binne fansels ek kolleezjes mei minsken fan bûten, dy't hielendal gjin bining mei in politike partij hawwe. Dus it is net per definysje sa dat kolleezjeleden in swiere line hawwe mei de koälysje", leit Stoker út.
"Dat je fuort moatte, is in feit. Ik kin net beoardielje hoe grut it betrouwen is. Mar dêrnei moatte je mei-inoar om tafel sitten gean om te bepraten hoe't it bestjoer fan de gemeente gewoan trochrinne kin en we ûndertusken wol nei in nije kolleezje ta wurkje kinne. Dat is no mar bard mei trije fan de fiif wethâlders. Dat is dochs in ferswakking fan it iepenbier bestjoer."
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
De fertrouwensbreuk wie foar fraksjefoarsitter Jan Volbeda fan de FNP al dúdlik. Dat it CDA en de VVD woene dat de FNP har wethâlders weromluts, fynt Volbeda net terjochte. "Benammen dat ús wethâlders net ferkeard west hawwe. Se hawwe goed wurk levere. Dat is soer."
Hie de partij de eare net oan harsels hâlde moatten? "De wethâlders binne troch de ried beneamd. Dan moat de ried ek sizze: it funksjonearret net goed. Wy hawwe echt frege om in útspraak fan de ried. De ried hat sprutsen en de útspraak is helder", leit Volbeda út. "Ik ha der gjin spyt fan. Ik hie it net ferwachte, mar we sille oan it wurk yn de nije situaasje."
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
FNP-wethâlder Durk Stoker en FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda oan it wurd
Wethâlder Durk Durksz is teloarsteld. "Ik hie graach de termyn ôfmeitsje wold." Durksz hie noch wol hoop dat er sitte bliuwe koe, mar it beslút kaam foar him net ûnferwachte. "Ast sjochst nei wat der ôfrûne wiken bard is, dan is dit net in ûnferwachte útkomst."
Eins soe it konsept fan dualisme fan tapassing wêze moatte. In wethâlder sit net yn de ried en hat eins neat mei it konflikt te krijen. "De ferminging tusken ried en kolleezje moat útelkoar helle wurde. Dat is dualisme yn optima forma. Wat dat oanbelanget is it spitich dat it sa rint."
FNP-wethâlder Durk Durksz en CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden
CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden hie it leaver oars sjoen. "Wy hiene ús der wol op tarist, mar wy hiene altyd noch hoop dat de wethâlders sizze soene: dit wolle we net. Wy hawwe de FNP twa kear frege om harren wethâlders werom te lûken út it kolleezje. Dêr is gjin gehoar oan jûn. Dan moatst wol in moasje yntsjinje", seit Van Zanden.
Ald-wethâlder fan Dantumadiel Roelof Bos wurdt de ferkenner yn de gemeente De Fryske Marren.