Kollum: "Ferkearde race"

21 feb 2019 - 08:21

"In jier lyn wurke ik oan in radiodokumintêre dêr't ien in ymponearjend ferhaal fertelde mei in kearpunt deryn, in lange reis. It like my moai om dat kearpunt yn it radioferhaal te markearjen mei it lûd fan in opstigend fleantúch. No kinne je soks út in database mei lûden helje, mar ik tocht: lit ik dat sels ris opnimme.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Sa belâne ik op in iiskâlde jûn yn 'e buert fan Vijfhuizen by in hek neist de Polderbaan. Ik seach hoe't dêr sa'n bytsje elke trije minuten in fleantúch oanriden kaam, him opstelde en úteinsette mei it opstigen. In ferskaat oan middelgrutte passazjiersfleantugen, dy't op minder as twahûndert meter fan my foarby kamen. Ik moast de gain, de opnamesterkte fan myn recorder, gauris werom draaie, omdat it sa'n alderferskuorrendst lawaai wie. Op it punt dat ik tocht: no ha ik it wol, en ik ek hielendal ferklomme wie, seach ik fan ôf Schiphol in jumbojet oanriden kommen.

Sa grut hie ik se noch net sjoen, en ik besleat om dizze dan dochs ek noch mar even op te nimmen. Doe't er tichteby kaam seach ik dat it in frachtfleantúch wie. Ik draaide foar de wissichheid de gain fan myn recorder noch mar wat werom. Dat wie gjin oerstallige lúkse.

Schiphol groeit nei 2020 gewoan troch. Dat sei minister Van Nieuwenhuizen ôfrûne wykein. Oant en mei 2020 binne der maksimaal 500.000 flechten it jier fan en nei Schiphol, mar dêr sit de lofthaven no al oan. Van Nieuwenhuizen sei dat groei nedich is om't de lofthaven oars de konkurrinsjestriid mei oare loftfeartknooppunten yn Europa ferliest. Se skoot dêrmei de wjerstân ûnder omwenners en miljeuorganisaasjes oan 'e kant.

Der kaam in protte krityk op dy útspraak, sels fanút de koälysjepartijen. Mar echt ferrassend wie it net: al moannen stean de kranten fol mei berjochten oer hoe sterk de Schiphol-lobby is; hoe't ynwenners fan 'e Haarlemmermeer en bygelyks Zwanenburg hielendal gek wurde fan ynsprekjûnen dêr't neat mei bart; en hoe't oerlizzen ôfbrutsen wurde ûnder it mom fan dat it sa neat wurdt. Schiphol skynt koste wat it kostet groeie te moatten.

It geweld fan sa'n opstigende jumbo is hast net te beskriuwen. Ik wie wiis mei de opname dy't ik by Vijfhuizen makke, mar je sille hjir dochs yn 'e buert wenje. En der wenje minsken yn 'e buert. Sterker noch, op twa kilometer de iene kant op begjint Haarlem en op twa kilometer de oare kant op Amsterdam-West. En dit is it lawaai fan ien, mar der binne op jierbasis dus 500.000. En dan ha we it noch net iens oer de útstjit fan dizze bisten.

Ek yn it nijs dizze wike: yn de Formule E - de oare race as de Formule 1, mei elektryske race-auto's - ferwikselen de riders foarhinne healwei de race noch fan auto, om't dan akku's leech wiene. Mar fan ôf no hoecht dat net mear: de kapasiteit fan akku's is folle better wurden. Elektryske auto's foar op 'e diken ride no al ús benzine- en diselauto's foarby; it sil net lang mear duorje of de âlde Formule 1 op fossile brânstof fan eartiids is gewoan net mear ynteressant. Formule E is de nije race. Sêft en skjin.

Van Nieuwenhuizen, en mei har de VVD en Schiphol, sette neffens my dan ek yn op de ferkearde race. Hoesa moat Schiphol, middenyn ien fan de tichtstbefolke gebieten op 'e wrâld, driuwend op fossile brânstof, de konkurrinsjerace om de measte flechten winne? En sjoch mar út, yn Fryslân, no't se harren each ek fallen litten hawwe op Lelystêd.

GrienLinks seit dat in tredde fan de flechten fan Schiphol koarter is as 750 kilometer, en se wolle graach dat je dat goedkeaper en minstens like gau mei de trein dat soarte reizen meitsje kinne. Dêr kin Van Nieuwenhuizen har neffens my better mei dwaande hâlde as dizze fossile konkurrinsjestriid, dêr't ek nochris it heale lân yn meisleept wurdt, yn in ferskuorrend geraas. Dat is net allinnich in race dy't net te winnen falt, it is hielendal de ferkearde race."

(Advertinsje)
(Advertinsje)