Provinsje oer liening Kabelnoord: "Wy sjogge allinnich oft de hiele liening wer werom komt"

21 feb 2019 - 07:11

It wie in ûnrendabel gebiet, mar no binne der twa bedriuwen dy't glêsfezel oanlizze wolle yn it bûtengebiet fan Weststellingwerf. Kabelnoord krige earder in liening fan 35 miljoen euro fan de provinsje foar de oanlis fan glêsfezel yn de saneamde wite gebieten yn de hiele provinsje.

Glêsfezel ynternet - Foto: Shutterstock.com

Om de oanlis mooglik te meitsjen, moast sa'n 60 persint fan de 2.300 bewenners en bedriuwen meidwaan. Dat oantal is sa goed as helle en dêrmei doart Kabelnoord de oanlis troch te setten. Mar ek it bedriuw Glasvezel Buitenaf wol fluch ynternet oanlizze yn itselde gebiet en dat soarget foar konkurrinsje foar Kabelnoord.

"Ik soe it spitich fine as de boarger hjir de dupe fan wurde soe, as twa partijen elkoar it ljocht yn de eagen net gunne en dat der úteinlik neat fan op 'e hispel komt", seit deputearre Sietske Poepjes.

Deputearre Sietske Poepjes

De provinsje hat de liening foar Kabelnoord mooglik makke, mar is gjin partij yn dit ferhaal. Neffens de regels moatte ek oare partijen dy't dat wolle de kabel oanlizze kinne. Oars is der gjin sprake fan merkwurking. De striid om de kabeloanslutingen kin ûnbedoelde effekten hawwe.

Werombetelje

"Wêr't de provinsje foaral nei sjocht, is oft de hiele liening wer werom komt. As Kabelnoord seit: 'ek al hawwe wy konkurrinsje, mar we kinne it jild noch wol oan de provinsje werombetelje en eltsenien yn Fryslân yn in wyt gebiet fan glêsfezel foarsjen', dan fynt de provinsje dat hielendal okee", leit Poepjes út.

"Wy sjogge foaral nei it papierke dat oan de ein fan it ferhaal by ús ynlevere wurdt. Foldocht dat oan de betingsten dy't wy opsteld hawwe yn finansjele sin, dan wurkje wy mei."

Net oan it roer

Tuskentiids wurdt der wol sjoen oft it bedriuw foldocht oan de 60 persint. As se oeral der krekt ûnder sitte soene, komt de rekken dochs by de provinsje en úteinlik de boarger te lizzen.

"We soargje wol dat we net útstelle. De grutte gedachte achter dit ferhaal is: wy as provinsje sitte net oan it roer. En dat wolle wy ek net. Dit is in liening oan Kabelnoord. Sy tinke dat sy dêroan foldwaan kinne. Wy tsjekke dat, mar sy hawwe alle frijheid om dêroan te wurkjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)