Flyers wint iishockeytopper fan Herentals
De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe woansdeitejûn de thúswedstriid tsjin it Belgyske HYC Herentals mei 4-3 wûn. De winnende goal foel yn de ferlinging en kaam op namme fan de Kanadees Todd Ratchford.
Yn de earste perioade wie it spul ûnwennich. By beide teams waard by tiden flodderich spile; de puck waard krekt wat te maklik fuortjûn. Dochs oan de ein fan de earste perioade wist Ronald Wurm it doel te finen, dêrmei wie it 1-0 foar de thúsploech.
Healweis de twadde perioade kaam HYC Herentals op likense hichte troch Kyle Brothers. Marco Postma antwurde lykwols oardel minút letter al mei in prima treffer: 2-1.
Yn heech tempo gienen beide ploegen op jacht nei de folle bút. By winst yn de reguliere spultiid soenen de Flyers de kopposysje oerninmme fan de Belgen, by elts oar resultaat bliuwt Herentals koprinner. Doe 't Aldo van Aalderen binne fiif minuten de 3-1 foar de Flyers skoarde, like it spile.
Neat wie minder wier. In lytse fjouwer minuten foar tiid waard it 3-2, en 29 sekonden foar de ein waard it ek noch 3-3.
Yn de ferlinging fan maksimaal fiif minuten spylje beide ploegen mei trije fjildspilers, en giet it om "sudden death", dus wa 't skoart dy wint.
De winner krijt dan twa punten, de ferliezer ien. Mei noch goed in minút op 'e klok makke Ratchford de match-winning goal.
Yn de BeNe League spylje 12 teams. Sân ploegen út Nederlân, en fiif út België.
Nei 22 duels komme de boppeste acht iishockeyteams yn de kwartfinale. Dêryn spilet de nûmer 1 tsjin de nûmer 8, de nûmer 2 tsjin de nûmer 7, ensafuorthinne.
Yn de heale finale en de finale krijt it team dat yn 'e kompetysje it heechst einige is thúsfoardiel yn de searje.