Media kinne ek maatskiplik wat foar de minsken opsmite

20 feb 2019 - 23:00

De omroppen yn Nederlân moatte net beheind wurde om it 'luister- en kijkgeld' allinnich mar foar programma's brûke te kinnen. Omroppen moatte just de frijheid ha om dit jild yn projekten te stekken dy't maatskiplik wat foar minsken opsmite kinne. Dat wie woansdeitejûn it boadskip fan Omropbaas Jan Slagter fan Omroep Max, by de talkshow IepenUP live, dat oer posityf nijs yn de media gie.

Rennie Rijpma fan de haadredaksje fan it Algemeen Dagblad gie dêryn in ein mei Slagter mei. Se neamde as foarbyld it soarchmanifest fan sportsjoernalist Hugo Borst. Yn gearwurking mei de media waard totaal 2 miljard euro by-inoar brocht. De krante fan hjoed-de-dei is net allinnich mear foar de suvere ferslachjouwing, mar hat ek in maatskiplike taak om inisjativen yn de mienskip te stimulearjen, sa seit Rijpma.

Iensumheid tsjingean

Jan Slagter gie dêryn noch in stapke fierder. Sa wol Max wat dwaan oan de iensumheid dêr't in soad âlderen lêst fan hawwe. Yn dat ramt begjint de omrop ynkoarten mei de eksploitaasje fan Max Café's as moetingsplak.' "Een initiatief dat Omrop Fryslân ook prima zou passen", sa wie it boadskip fan Slagter.

Allinnich positive nijsberjochten

Sjoernalisten Franka Hummels en Karin Sitalsing wiene de haadgasten fan dizze jûn. Beide froulju ha mei-inoar it boek 'En dan nu het goede nieuws' skreaun, In boek mei allinnich mar positive nijsberjochten. Bygelyks it ferhaal fan Ritzo ten Cate út Grins dy't dakleazen wer by de wâl op helpt troch earst in kop kofje mei har te drinken.

Wout Gerstel fan de earste kommersjele omrop yn Fryslân GPTV krige mei in ûntwapenjend ferhaal oer syn stjoerder dy't twa jier lyn opdoekt waard, de hannen fan it publyk op inoar. Syn inisjatyf om it Fryske publyk posityf nijs op telefyzje te jaan wie úteinlik mislearre en hie him hannen fol jild koste, mar Gerstel hie dit aventoer dochs net misse wollen. As tank foar syn krewearjen hie de redaksje fan IepenUP live oan de Fryske sjonger-muzikant Meindert Talma út Grins frege om spesjaal in liet oer Wout Gerstel en syn GPTV te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân

Nije wike yn IepenUP

Nije wike woansdei is IepenUP live werom mei De Grote Vaginavond. Want it froulik geslachtsdiel is 'hot'. Mar hoe wurdt yn de media eins omgien mei de fagina en noch wichtiger: hoe gean de froulju der sels mei om? De skriuwsters fan it boek 'Van vulva naar vagina' komme lâns foar in powerkolleezje, mar ek in keunstner dy't har troch de fagina ynspirearje litten hat foar in rige sieraden.

Ek sil woansdeitejûn it wurd bekend makke wurde dat Fryslân keazen hat as it moaiste Fryske wurd foar fagina. In oprop dêrta waard dien yn it programma De middei fan Fryslân. It tal reaksjes dat ynstjoerd waard, wie geweldich, mei al hiel aardige fynsten as prom, preutsje, en kniperke. Mar ek nuveraardiger wurden as greppeltsje en pimelboartersplak.

IepenUP live is woansdei 27 febrewaris tusken 20:00 oere en 21:30 oere op ynternet te besjen fia de Facebook-side fan IepenUP live en Omrop Fryslân en fia de webside fan Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)